Heijltjes hie noch libje kind

31 okt 2013 - 12:42

Marijke Heijltjes hie noch libbe, as op tiid medyske help foar har kommen wie. Dat kaam tongersdei oan it ljocht by de rjochtsaak tsjin de 33-jierrige moardfertochte. De man út De Fochtel wie op syk nei jild. Doe't Heijltjes de doar iepen die, bedrige er har mei in mes. Dêrop ûntstie in wrakseling. De fertochte stuts Heijltjes fjouwer kear, wêrnei't se deablet is.

De man wurdt fierder noch beskuldige fan fjouwer oerfallen yn Easterwâlde en Bakkefean. It iepenbier ministearje komt letter hjoed mei de eask.

Earder melde Omrop Fryslân dat de 33-jierrige man ek fertocht wurde soe fan it yn besit hawwen fan berneporno. Hjirfan is lykwols gjin sprake.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)