Plysje krijt nij tsjinstwapen

31 okt 2013 - 12:08

Plysje Noard-Nederlân is fan septimber ôf begûn mei de ynstruksjes fan it nije tsjinstwapen. Op it kantoor yn Drachten folgje de plysjeminsken in kursus oer it gebrûk fan it nije pistoal. It âlde model wie 30 jier âld en is út de produksje helle. It nije model is makliker yn gebrûk foar de plysjeminsken. Der kinne boppedat mear patroanen yn.

De plysje hopet dat it nije tsjinstwapen ek sa'n 30 jier meigean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)