Keunstmoanne yn swierrichheden

31 okt 2013 - 11:51

Der driigje finansjele swierrichheden foar de Keunstmoanne op It Amelân. De haadsponsor fan it evenemint hâldt der nei dit jier mei op. Boppedat soarge de oktoberstoarm dit jier foar in soad skea. Keunststikken rûnen fertraging op en ferskate bylden waaiden om. Troch de stoarm moasten omfallen beammen oprêden wurde. Neffens de organisaasje komt alles dit jier lykwols hielendal yn oarder.

Sneon set de 17e edysje fan evenemint offisjeel útein. De Keunstmoanne lûkt alle jierren sa'n seistûzen besikers nei it eilân.

Trefwurden: 
Amelân Keunstmoanne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)