Fertochte (33) rekke yn panyk

31 okt 2013 - 11:40

De 33-jierrige fertochte fan de moard op Marijke Heijltjes út Easterwâlde hat hjoed foar de rjochter ferklearre dat er it slachtoffer meardere kearen stutsen hat mei syn mes. Hy wie fan tefoaren lykwols net fan doel geweld te brûken tsjin de frou. Doe't Heijltjes de doar iepen die, bedrige er har mei it mes. Dêrop ûntstie in wrakseling. De man rekke yn panyk doe't it slachtoffer net die wat er sei en seach gjin oare mooglikheid as it brûken fan syn mes. Dat mes hie er letter ek by him by de oerfallen op fiif saken yn Bakkefean en Easterwâlde.

De fertochte hie jild nedich om syn skulden ôf te beteljen. De man waard acht moanne nei de moard oanholden. It wienen de swierste moannen fan syn libben, sa liet er yn de rjochtbank witte.

Earder melde Omrop Fryslân dat de 33-jierrige man ek fertocht wurde soe fan it yn besit hawwen fan berneporno. Hjirfan is lykwols gjin sprake.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)