Toerisme en behear kombinearje

Seis natuerorganisaasjes wolle mei it projekt 'Rust voor Vogels, Ruimte voor Mensen' toerisme en natuerbehear kombinearje. Dizze kombinaasje moat derfoar soargje dat minsken har mear bewust wurde fan natuerbehear. Der is jild foar nije briedplakken en flechtplakken mei heech wetter foar de fûgels. Dêrneist is der jild foar de oanlis fan spesjale fûgelspotplakken.
Ek yn Fryslân wurde projekten opset. De kwelder by Holwert wurdt geskikter makke as briedgebiet. By de Ingelsmanplaat by It Amelân sille frijwilligers toeristen rûnliede.