Jonge fêst nei mishanneling

31 okt 2013 - 10:33

In 17-jierrige jonge út Easterwâlde is woansdeitejûn troch de plysje oanholden op fertinking fan mishanneling. De jonge soe in 23-jierrige Makkingeaster mishannele hawwe yn Easterwâlde. It slachtoffer waard sa bot tatakele dat er foar ûndersyk nei it sikehûs moast. De fertochte is op it plak sels oanholden en sit noch fêst. De plysje ûndersiket de tadracht fan de mishanneling en giet nei oft der noch mear minsken by belutsen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)