Neitinke oer Cambuurstadion

Cambuurstadion © ANP
In trijetal organisaasjes wol neitinke oer in nij stadion foar Cambuur. De organisaasjes, neist Cambuur sels giet it om Serious Innovation en de VVD yn Ljouwert, roppe Ljouwerters en eksperts op om mei nei te tinken.
Sa moatte der plannen komme foar alternative finansiering, duorsumens en fierder alles dat in nij stadion foar de fuotbalklup tichterby bringe kin. Ek is in professor fan de Technyske Universtiteit yn Delft frege mei te tinken.