Drokte foar asbestferwurkers

By de stoarm fan ôfrûne moandei is yn Fryslân ek in soad asbest frijkaam. Asbestferwurkers hawwe it sûnt dy tiid smoardrok. Yn totaal giet it yn Fryslân om sa'n 50 gefallen. Oan it oprêden sels binne de ferwurkers noch net takaam. It ûndersyk en it papierwurk nimt seker in pear dagen yn beslach en pas dernei kinne se echt oan 'e gong. Derby wurde de slimste gefallen it earst oanpakt. It frijkommen asbest smyt gjin direkt gefaar op. By in stoarm komme de platen asbest yn grutte brokken los en dêrtroch komt it net yn stikjes yn de loft.