Ofskiedskado foar Lemsterlân

Logo gemeente Lemsterlân
It gemeentebestjoer fan Lemsterlân hat in boek meitsje litten as ôfskiedskado foar alle húshâldens fan dy gemeente. De gemeente wol op dizze wize stilstean by de fúzje op 1 jannewaris 2014 mei de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân ta de gemeente De Friese Meren.
Dizze wike krije minsken in tegoedbon yn 'e brievebus, dêr't sy it boek 'Lemsterland' mei ophelje kinne. It skiednisboek is skreaun troch Klaas Jansma en stiet fol mei ferhalen, kaarten en loftfoto's út Lemsterlân.