Plysje hâldt Dokkumer oan

30 okt 2013 - 18:06

De plysje hat woansdei in 30-jierrige ynwenner fan Dokkum oanhâlden. De man wurdt beskuldige fan in fermogensdelikt en fan fernieling. Fierder soe de Dokkumer in falske oanjefte dien hawwe.

De man sit fêst, en wurdt op it stuit heard. Fierdere meidielings wol de plysje noch net dwaan.

Trefwurden: 
plysje Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)