Narsingh bliuwt by Hearrenfean

31 jan 2012 - 13:16

Luciano Narsingh bliuwt by SC Hearrenfean. Yn oerlis mei syn saakwaarnimmer Mino Raiola hat de fleugeloanfaller besletten om krekt foar it sluten fan de transfermerk net de oerstap te meitsjen nei Ajax. "Luciano heeft aangegeven dat hij het seizoen graag bij Heerenveen wil afmaken", sa seit Johan Hansma.

Omdat net dúdlik is hoelang as Miralem Sulejmani blessearre is, hat Danny Blind moandei kontakt opnaam mei foarsitter Robert Veenstra. In konkreet bod hat Hearrenfean nea krigen fan de Amsterdammers. No is de transfer fan de baan.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)