Plan foar FAB-LAB-Fryslân

30 okt 2013 - 16:41

De steatefraksje fan Friese Koers wol dat Fryslân in kennis- en ynnovaasjesintrum foar nije techniken krijt. Fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra wol dat de provinsje 5 miljoen euro út de NUON-jilden beskikber stelt foar sa'n sintrum, in saneamd Fab-Lab-Fryslân. Fral op it mêd fan it 3D-printen falt in soad winst te beheljen, fine Friese Koers én de Harnzer ûndernimster Trijntje Teerhuis. Beiden typearje it 3D-printen as in yndustriële revolúsje.

Provinsjale Steaten prate woansdei yn kommisjeferbân oer de besteging fan de NUON-jilden.

Letter dizze moanne beslute steateleden oer watfoar projekten wol of gjin jild krije.

Trefwurden: 
Friese Koers Nuon-jild FabLab
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)