Kachel fûn by ûndersyk brân

30 okt 2013 - 16:31

By it forensysk ûndersyk nei de grutte brân yn Ljouwert ha de resjersjeurs de kachel fûn, dy't nei alle gedachten de oarsaak wie. Fanwege de feilichheid hat it spoare-ûndersyk lang duorre, mar it is no ôfrûn. De gebouwen oan de Kelders moasten earst skoarre wurde, foardat de ûndersikers der yn koenen. De resultaten wurde noch net publisearre, om't noch wat saken fierder ûndersocht wurde moatte.

Justysje hat de gebouwen oan de gemeente oerdroegen. De ferwachting is dat dy de wenningen meikoarten frijjaan sil oan de eigeners en ferhierders.

De kachel sil fierder ûndersocht wurde. It kin noch wiken duorje foardat de definitive oarsaak fan de brân bekend makke wurde kin, seit parse-offisier Pieter van Rest fan it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
Ljouwert grutte brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)