Opera út 1880 by Tresoar fûn

By Tresoar is in bysûndere fynst dien yn de argiven. It giet om in 19de-ieuske opera skreaun troch Martinus Schuil. Dat is seldsum, want de Friezen út dy tiid steane net bekend om har leafde foar de opera. Mar yn it Fryslân fan 1880 komponearre de Harnzer Schuil de komyske opera Keapman Oark. It stik gie ferlern. Mar no is de muzyk werom fûn.
In boekhanneler brocht de muzykboeken mei partijen foar allerhanne ynstruminten by Tresoar. Dat it om in folsleine opera gie, hie earst net ien troch.
Dirigint Tjalling Wijnstra is mei de muzyk oan de slach gien. Neffens him hie de komponist in soad talint. Mar in soad erkenning hat er yn Fryslân nea krigen, mar dat kin noch komme. De aria's wurde ynstudearre en op 29 augustus 2014 giet it stik út 1880 noch in kear yn premjêre.