Petysje tsjin Dokter Corrie

30 okt 2013 - 15:31

Njoggen Fryske basisskoallen sjogge net mear nei it skoaltelevyzje Weekjournaal. Yn it sjoernaal sit yn rubrykje dêr't Dokter Corrie bern leart hoe't se mei seksualiteit om gean moatte. De skoallen fine dat Dokter Corrie ordinêr en ferkeard praat oer seks en ha har oansluten by in petysje. Dy ageart tsjin dizze rubryk. De njoggen Fryske basisskoallen falle ûnder de grifformearde skoalferiening Noorderbasis.

Bestjoerder Roelof van den Berg fynt dat it programma net it rjocht hat om bern op dizze wize seksuele foarljochting te jaan.

Dokter Corrie is betocht troch de redaksje fan it NTR skoaltelevyzje Weekjournaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)