Wedstriid fan Flyers giet oer

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
De iishockeywedstryd dy't de UNIS Flyers woansdeitejûn op Thialf tsjin Dordrecht spylje soe giet net troch. Thialf kin net garandearje dat der genôch iis is. Dat komt troch problemen mei de kuolmasine. Wannear't de wedstriid ynhelle wurdt, is noch net bekend.
Tiisdeitejûn wûn UNIS Flyers mei 4-1 fan HYS Den Haach. Yn de earste perioade waard it ferskil makke. Nick Kuiper, Joey Oosterveld en Tony Demelinne setten de Feansters yn Den Haach op in 3-0 foarsprong.