Soad sjoggers foar Dokter Deen

31 jan 2012 - 12:51

Der hawwe moandeitejûn hast 2,4 mijoen minsken sjoen nei de dramasearje Dokter Deen. Dat docht bliken út sifers fan stichting kijkonderzoek. De searje mei tsien ôfleverings wurdt útstjoerd troch Omroep Max. It giet oer it libben fan dokter John Deen op Flylân.

It ferhaal is skreaun troch Edwin de Vries. Syn frou Monique van der Ven spilet de rol fan de eilândokter. In soad eilânbewenners binne ek yn de searje te sjen.

Trefwurden: 
Dokter Deen tv sjoggers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)