Knegt wer fit nei blessuere

Sjinkie Knegt is goed opknapt nei de knibbelblessuere. Yn augustus skuorde de Bantegeaster shorttracker syn meniskus. Hy moast twa wiken thús sitte. Knegt giet mei de nasjonale seleksje fan 7 oant en mei 10 novimber nei Turyn foar it earste fan twa Olympyske kwalifikaasjetoernoaien. In wike letter is it twadde toernoai. De bêste acht pleatse har foar it ûnderdiel ôflossing. In plak by de earste 32 op de yndividuele ôfstannen jout in plakbewiis foar Sotsji.
Daan Breeuwsma fan Aldeboarn foldocht oan de easken en moat allinnich noch foarmbehâld toane om mei te dwaan oan de Olympyske Spelen.