Alves werom by SC Hearrenfean

De Braziliaanske fuotballer Afonso Alves komt werom by SC Hearrenfean. De spits is woansdei oankommen op Skiphol. It is de bedoeling dat er tongersdei om 11.00 oere meitraint mei de beloften fan Hearrenfean. Sa sil besjoen wurde oft er goed genôch is om mei it earste team mei te spyljen, as eventuele ferfanger fan Alfred Finnbogason, dy't mooglik ferkocht wurdt. Alves spile fan 2006 oant 2008 foar Hearrenfean en wie yn 2007 topskoarder fan Nederlân. Hy gie dêrnei nei Middlesborough. De 32-jierrige spits hat op dit stuit gjin kontrakt.