Ynbrekker nei DNA-hit oppakt

30 okt 2013 - 12:22
Ynbraak - Foto: ANP XTRA

Nei in DNA-hit hat de plysje moandei in man (31) út Veenhuizen oanhâlden. Hy hie 31 july yn in hûs oan de Vitringastrjitte yn Frjentsjer ynbrutsen. Nei de ynbraak die forensyske opspoaring ûndersyk en fûn DNA-materiaal fan de dieder oan en sa koe er oppakt wurde. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje Frjentsjer DNA
(Advertinsje)
(Advertinsje)