Slim ferwûne by botsing Haule

30 okt 2013 - 11:42

In 25-jierrige man út De Wylp is tiisdeitejûn slim ferwûne rekke doe't er mei syn auto tsjin in beam botste. Dat barde op de Zwettewei yn De Haule. De man rekke troch ûnbekende oarsaak yn 'e slip, botste tsjin in beam en bedarre yn in sleat. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)