Needbrêge yn Terwispel

De brêge yn Terwispel © Google Streetview
Oer de Nije Feart yn Terwispel komt in tydlike needbrêge foar fytsers, bromfytsers en fuotgongers. Dit is nedich om't yn novimber begûn wurdt mei de bou fan in nije Spaltenbrêge. De âlde brêge is ein jierren tritich boud en oan ein. Op fersyk fan bewenners sil de nije Spaltenbrêge der krekt sa útsjen as de âlde.
Motorisearre ferkear kin net oer de needbrêge en moat in pear kilometer omride om oan de oare kant fan Terwispel te kommen. Foar maaie takom jier moat de nije brêge klear wêze.