Museum hat Joadske roofkeunst

It Fries Museum hat ien skilderij yn de kolleksje dat ôfkomstich is fan Joadske minsken. It giet om it wurk 'Het bezoek van de drie Engelen aan Abraham en Sarah' fan Lambert Jacobsz. It skilderij is yn 1977 kocht fan in Dútske keunsthanneler. Dat is oan it ljocht kommen nei ûndersyk yn de jierren fan 1933 oant 1940. In protte Joadske keunstsamlers fielden har twongen om wurk te ferkeapjen. It is by it Fries Museum net dúdlik oft der noch famylje is fan de oarspronklike eigeners fan it skilderij fan Jacobsz. It wurk is inkelde tonnen wurdich.
It Fries Museum slút net út dat it noch mear saneamde Joadske roofkeunst yn it besit hat. Konservator Marlies Stoter fan it museum wol it wurk graach werom jaan oan de rjochtmjittige eigener.