Kramer ried yn Olympysk pak

Sven Kramer © ANP
Sven Kramer ried de 10 kilometer by it NK ôfstannen snein yn it pak dat de Nederlânske reedriders by de Olympyske Spelen yn Sotsji oan ha sille. Dat meldt de NOS. Kramer makke yndruk mei syn winnende tiid fan 12.46,96, wêrmei't er in stik rapper wie as de nûmer twa Jorrit Bergsma (12.52,27) en de nûmer trije Bob de Jong (12.52,30).
Kramer krige it nije pak om it alfêst te testen yn de trainingen. Hy besleat lykwols om de nije outfit snein al oan te lûken by it NK. It nije pak hie noch geheim bliuwe moatten.
It Olympysk pak is noch yn ûntwikkeling, mar sil wol fan itselde materiaal makke wurde as it pak dat Kramer snein oan hie.