Reservaat foar poddestuollen

30 okt 2013 - 08:11

De greidlannen fan de Rotstergaaster Wallen lâns de Tjonger by It Hearrenfean wurde as earste greidegebiet yn Nederlân oanwiisd as natoerreservaat foar poddestuollen. De Rotstergaaster Wallen heart mei 25 soarten seldsume en bedrige poddestuollen no al ta ien fan de ryskte poddestoelgebieten fan Nederlân.

De kleurrykste soart poddestuollen, ek wol wasplaten neamd, groeit allinnich op greidlân dêr't jierrenlang gjin keunstdong of jarre brûkt is. Eigener Steatsboskbehear iepenet it terrein woansdei mei de Nederlandse Mycologische Vereniging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)