Bakker en supermerk Burdaard

30 okt 2013 - 07:03

Nettsjinsteande de krimp yn in soad Fryske doarpen slagget it yn Burdaard in bakkerswinkel en in buertsuper iepen te hâlden. It doarp yn de gemeente Ferwerderadiel hat goed 1100 ynwenners dy't gebrûk meitsje kinne fan in soad fasiliteiten. Sa hat Burdaard in multyfunksjoniel sintrum, swimbad, basisskoalle, berne-opfang en in eigen húsdokter. In pear jier lyn ferdwûnen de supermerk en bakker út it doarp. Neffens Coen Dijkman, foarsitter fan Doarpsbelang, is it wichtich foar de leefberens dat ynwenners boadskipje kinne yn eigen doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)