Opgravings te sjen foar publyk

29 okt 2013 - 22:05

Belangstellenden meie sneon it plak fan de archeologyske opgravings tusken Burgum en Garyp besjen. Der wurdt in spesjale iepen dei hâlden. De opgravings wurde dien op it plak dêr't it akwadukt fan de Sintrale As oanlein wurdt. It giet om in archeologysk plak út de stientiid. Op de iepen dei fertelle archeologen oer de opgravings dy't dien binne, oer de stientiid en oer hoe't de minsken doe libben.

Oant ein dit jier wurdt noch trochsocht. It kin ien fan de grutste archeologyske opgravings wurde fan de lêste tsien jier yn Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)