Reyntegrearje yn finzenis

Yn finzenis P.I. Ljouwert, de eardere Marwei, is tiisdei in reyntegraasjesintrum iepene. Dêr kinne detinearden in identitetitsbewiis, in wenning, in baan, skuldregeling of soarch regelje foar nei harren frijlitting. Dat krigen se oars net foarinoar, om't se op de sel gjin kompjûter of tillefoan hawwe.
Op sa'n wize komme se better taret werom yn de maatskippij en is der minder kâns op weromfal. Reyntegraasje yn de finzenis wurket op oare plakken al goed.