Undersyk nei tastân beammen

29 okt 2013 - 15:46

Opsterlân lit ûndersykje hoe't de beammen yn de gemeente der by stean. Troch de stoarm binne ferskate beammen stikken rekke. Yn augustus wie dat ek al it gefal by in falwyn. De gemeente wol no witte oft der gefaarlike sitewaasjes binne.

It opromjen fan de skea fan moandei sil neffens de gemeente noch moannen duorje en tonnen kostje. Dêr binne op dit stuit in lytse tritich gemeente-amtners en personiel fan fjouwer leanbedriuwen mei oan 'e gong. Der binne yn Opsterlân hûnderten beammen omgien. De measte yn de omkriten fan Beetstersweach.

Trefwurden: 
Opsterlân stoarm beam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)