Arrestaasje yn drugsûndersyk

Plysje-embleem © ANP
Twa manlju fan 32 en 44 jier út Kollumersweach binne begjin dizze moanne oppakt fanwege in drugsûndersyk. De fertochten soene soft- en harddrugs ferkocht hawwe oan minderjierrigen. By de arrestaasje hiene de manlju 100 gram hasj en 100 gram speed by harren. Se sitte noch fêst.
De plysje kaam de twa op it spoar nei de arrestaasje fan twa oare fertochten. Yn augustus waarden ek al in 19-jierrige man út Kollumersweach en in man fan 20 jier út de gemeente Schagen yn Noard-Hollân oppakt.