400 beammen om yn Ljouwert

29 okt 2013 - 14:28
Beam op auto oan Iewâl yn Ljouwert - Foto: Wafia El Yousoufi

Yn Ljouwert binne tusken de 400 en 450 beammen omwaaid. Dat meldt de gemeente op de webside. Meiwurkers binne de hiele dei dwaande mei it oprêden fan de beammen.

Der komt ek noch in kontrôle om te sjen oft der noch swakke beammen stean dy't mooglik gefaarlike situaasjes opsmite kinne.

Trefwurden: 
Ljouwert stoarm skea
(Advertinsje)
(Advertinsje)