Túnark stellen yn Appelskea
In 19-jierrige man út Zandvoort ûntduts moandei dat túnark út in hok oan de Kleasterwei yn Appelskea stellen is. De ynbrekkers hawwe nei alle gedachten yn de nacht fan snein op moandei taslein.
Se hawwe ûnder oare in gersmeaner en in boskmeaner meinaam.