Vitens drok mei reparaasjes

29 okt 2013 - 10:30

Drinkwetterbedriuw Vitens is rûnom yn de provinsje dwaande mei it reparearjen fan wetterliedings. Yn de measte gefallen giet it om liedings dy't moandei kapotgien binne troch omfallende beammen. Dat is benammen op plakken yn Noard- en Súdeast-Fryslân it gefal.

Hoelang't it wurk noch duorret, is noch net bekend. Neist eigen Vitenspersoniel wurde ek ûnderoannimmers ynset om lekken op te spoaren en ticht te meitsjen.

Trefwurden: 
Vitens stoarm wetterlieding lek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)