Ferkearsbuorden foar riders

31 jan 2012 - 11:13

De gemeente Smellingerlân hat de earste tariedings op de ferwachte drokte op de Jan Durkspolder by Aldegea troffen. Yn de berm fan de dyk lâns de polder binne ferkearsbuorden pleatst, dy't it automobilisten ferbiede om dêr te parkearen. Dêrmei wol de gemeente in ferkearsgaos, sa't dy yn it ferline wol ûntstie lâns it smelle dykje, foarkomme.

Automobilisten meie no mar oan ien kant parkeare. Sa bliuwt der romte foar oare ferkearsdielnimmers en de helptsjinsten.

De Jan Durkspolder is ien fan de earste plakken fan Fryslân dêr't in toertocht organisearre wurde kin. As de winter trochset, soe it oer in lytse wike al safier wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)