Skea rint yn de miljoenen

De skea in Fryslân sil yn de miljoenen euro's rinne. Dat skatte fersekerders op basis fan earste meldings. Fersekerder Univé hat 1300 meldings krigen en tinkt dat der seker foar oardel miljoen euro skea is.
Interpolis rûst ek dat de skea yn de miljoenen rinne sil. It giet fan omfallen beammen oant ynstoarte dakken. Der wurdt moandeitejûn en -nacht mei man en macht wurke om de tsientallen omwaaide beammen op te romjen, sadat it ferkear der gjin lêst mear fan hat. Tiisdei wurdt pas dúdlik hoe grut oft de skea is.