Minister op Friesland College

28 okt 2013 - 16:21

De oanpak fan betide skoalferlitters fan it Friesland College is in foarbyld foar oare skoallen. Dat seit minister Bussemaker fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip. Se wie moandei by it Friesland College yn Ljouwert om mear te witten te kommen oer dy oanpak.

It Friesland College hat it tal betide skoalferlitters fermindere fan goed 600 nei ûnder de 400. De skoalle wurket bygelyks gear mei in soad bedriuwen. Dêrnjonken binne der helpferlieners op skoalle aktyf. Learlingen dy't oars fan skoalle gean soene, bliuwe no.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)