Earste riderijen op natueriis

31 jan 2012 - 10:49

Woansdeitejûn is de earste koartebaanriderij fan dizze winter yn Nijlemmer. IIsferiening Nijelamer organisearret in koartebaanwedstriid foar manlju om de K.N. de Boer Bokaal. Leafhawwers kinne harren oant 16.00 oere opjaan by de iisferiening.

IIsklup Lyts Begjin op 'e Ulesprong by De Tynje organisearret tongersdeitemiddei in koartebaanwedstriid foar manlju. Dy wedstriid begjint om 13.00 oere middeis op de iisbaan. De striid om de earste maraton op natueriis is wûn troch it doarp Noardlaren. De earste maraton is tiisdeitejûn om 18.00 oere.

Mear ynformaasje oer de earste koartebaanriderij: Opjaan oant 16.00 oere op 0561-611813 of 06-13352938. Meldings foar ús iisaginda kinne je trochjaan op redaksje@omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)