Wyn hat orkaankrêft

Op stoarm dy't moandei oer Fryslân luts, hat op guon plakken orkaankrêft oannaam. Benammen op de eilannen en yn de kustplakken waaide it as it rikket. Der kamen meldings fan wynkrêft 12 - dat is orkaankrêft - fan Skylge en Flylân, mar ek út Harns, Seisbierrum, Doanjum en sels út Ljouwert wei. By útsjitters kin de wyn ek noch wol sterker wêze as krêft 12.
De stoarm is nei healwei twaen stadichoan oan it ôfsakjen. Dat begûn yn it súdwesten fan de provinsje. Dochs bliuwt de wyn foarearst noch wol stoarmich.