Platen fan skoalle ôfwaaid

28 okt 2013 - 12:43

By skoalle Piter Jelles Ynsicht yn de Ljouwerter wyk Nijlân binne by de stoarm fan moandei platen by de yngong fan it gebou nei ûnderen ta kaam. Der rekke gjinien ferwûne. It skoft wie krekt foarby. De lessen gean foarearst gewoan troch, meldt Piter Jelles. De fasilitêre tsjinst besjocht de skea.

By it stêdlik gymnasium yn Ljouwert is in beam op in fystestalling waaid. Op 'e Gordyk driget it dak fan in supermerk yn te fallen. De brânwacht is oproppen. Arriva meldt dat it busferkear yn Fryslân stillein is. Dat kaam nei trijen wer op gong.

It winkelsintrum Saailân yn Ljouwert wie ôfset omdat der guod fan dakken falt. Benoarden Zwolle is gjin treinferkear mooglik.

Trefwurden: 
Piter Jelles
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)