Stoarm by Cambuur

28 okt 2013 - 12:31

Ek SC Cambuur ûnderfynt de gefolgen fan de stoarm. De training fan de earste seleksje waard moandeitemoarn earder beëinige omdat der reklamebuorden fan de tribunes waaiden. Dy buorden kamen mei geweld nei ûnderen. Op dat stuit wie it net ferantwurde dat der fierder traind waard. Neffens Cambuurtrainer Dwight Lodeweges wie de training hast klear. Der stiene noch twa minuten op it programma. Cambuur ûnderfynt sportyf net al te folle skea fan de stoarm.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur stoarmskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)