Earste meldings stoarmskea

28 okt 2013 - 11:27

De earste meldings fan stoarmskea binne moandeitemoarn om healwei alven by de brânwacht binnenkaam. Yn Harns is in grut gebiet op de Willemshaven ôfset omdat de dakbedekking fan in gebou ôfblaasd is troch de wyn. Ek fan 'e Lemmer, út Snits, Boalsert, Jiskenhuzen, St. Anne en by de iishal yn Ljouwert binne meldings kaam. Op de A32 is in frachtauto omwaaid en der ride gjin treinen tusken Akkrum en Ljouwert.

Trefwurden: 
stoarmskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)