Dronken út 'e tiid op strjitte

28 okt 2013 - 10:49
Drank - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneintejûn de hannen fol hân oan in 46-jierrige dronken Snitser. De man lei bewusteleas op strjitte yn Ljouwert. Hy waard troch ambulânsepersoniel ûndersocht.

Doe't er bykaam, begûn er te roppen en razen tsjin de fersoargers en tsjin foarbygongers. De plysje hat de man oanhâlden.

Trefwurden: 
Snits dronken
(Advertinsje)
(Advertinsje)