'Gjin spannings Ruslân'

De groep studinten en leararen fan de NHL Hegeskoalle en Stenden yn Ljouwert dy't op stúdzjereis nei Ruslân is, fernimt net in soad fan de spannings tusken Nederlân en Ruslân. De groep reizge in goed wike ferlyn nei Ruslân. Fanwege de spannings tusken Ruslân en Nederlân oer bygelyks de aktiviteiten fan Greenpeace dêr en de mishanneling fan in Nederlânske diplomaat yn Moskou wie net elk gerêst oer it ferrin fan de trip. Mar alles falt ta. De Russen mei wa't se praten, witte faak hielendal neat fan de problemen, seit studint Bas Brouwer.