Measte gemalen wurde stilset

31 jan 2012 - 10:30

De rayonhaden fan Wetterskip Fryslân sille tiisdei bepale hokker poldergemalen yn har gebiet stilset wurde. In wurdfierder fan it wetterskip ferwachtet dat 95 persint fan de gemalen bûten wurking steld wurdt. Doel hjirfan is it befoarderjen fan 'e iisgroei.

De grutte gemalen en slûzen dy't boezemwetter út de provinsje pompe binne snein al stilset. Nettsjinsteande de froast fan moandeitenacht binne noch lang net alle sleatten en kanalen tichtferzen. Dat hat ûnder oare te krijen mei de hurde noardeastewyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)