Man mei draak de loft yn

28 okt 2013 - 10:04

In 26-jierrige man út Damwâld is sneintemiddei ferwûne rekke by it draakjefleanen. De man hie op de Tuskenmarren by Rinsumageast in stuntdraak oplitten. Troch de hurde wyn waard er twa meter omheech lutsen.

De man foel en rûn in swiere harsenskodding op en ferskate ferwûnings op. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht.

Trefwurden: 
Rinsumageast draakjefleane
(Advertinsje)
(Advertinsje)