Feartsjinsten ferfalle
Rederij Doeksen hat besletten om oan 'e ein fan de middei ferskate feartsjinsten ek ferfalle te litten. De boat fan 17.15 oere fan Harns nei Flylân, dy fan 18.10 oere fan Flylân nei Skylge en de boat fan 18.50 oere fan Flylân nei Harns farre allegearre net. Wol wurdt om 17.00 oere in ferfangende boat ynset fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere kinne minsken dochs noch nei Flylân.