Bestjoerder fan de dyk op A6

27 okt 2013 - 16:18

In 27-jierrige automobilist fan Feanhuzen is yn de nacht fan sneon op snein op de A6 by Ousterhaule fan de dyk rekke. In frachtweinsjauffeur seach syn auto yn de berm stean en warskôge de helptsjinsten.

Ambulânsepersoniel fûn it noadich dat de bestjoerder nei it sikehús brocht waard. Omdat de plysje it fermoeden hie dat de man tefolle dronken hie, waard in bloedproef ôfnommen.

Trefwurden: 
A6 Feanhuzen Ousterhaule
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)