Franciscus leukste kabaretier

De priisútrikking fan it Ljouwerter Kabaret Festival
De twadde edysje fan it Ljouwerter Kabaret Festival is dit wykein wûn troch Fabian Franciscus. Hy naam it yn dy finale op tsjin Douwe Gerlof Heeringa en Maarten van Norren. Alle trije mochten se 20 minuten optrede. Dêrnei mocht it publyk stimme.
Franciscus krige mear as de helte fan de stimmen en hat dêrtroch in plak yn de programmearring fan it nije seizoen fan De Bres fertsjinne. Ek is der in lytse jildpriis oan ferbûn.