Earste stoarmskea yn Fryslân

Op in oantal plakken yn Fryslân wurdt sneintemiddei al melding makke fan skea troch de hurde wyn. Oan de Swynswei yn Nijbeets drige in 12 meter hege antennemêst om te fallen. De antenne waard yn it ferline brûkt troch in taksysintrale, mar is al lang bûten gebrûk. Troch de jierren hinne binne de bouten ferrustke rekke. De brânwacht is alarmearre om de mêst los te heljen en sakje te litten.
Yn Ljouwert binne houtwurk en dakpannen fan in pear hûzen oan de Tesselschadestraat nei ûnderen kommen.
Yn de Marsstraat yn Sint Nyk miste in omwaaide beam krekt in parkearde auto.
De wynkreft is op dit stuit noch NET sa grut dat Wetterskip Fryslân ekstra maatregels nimme moat. De gebietsbehearder fan Noardwest Fryslân ferwachtet foar moarn in wetterstân fan op syn heechst 1.90 meter. Pas as it wetter noch in meter heger komme soe, soe der dykbewaking ynsteld wurde.
Moarn tusken 3 oere middeis en 7 oere jûns wurdt in swiere stoarm ferwachte, mei útrinners nei krêft 12.