Yvonne Nauta wint 5 kilometer

Yvonne Nauta fan Twellingea is nasjonaal kampioene op de 5 kilometer wurden yn in persoanlik rekôr fan 7.01.62, in ferbettering fan har âlde tiid mei hast 15 tellen. It twadde plak wie foar Carien Kleibeuker mei in tiid fan 7.04.02. De 18-jierrige Antoinette de Jong fan Rottum pakte ek op de 5 kilomter it brûns yn in persoanlik rekôr fan 7.06.09. It wie boppedat in nij baanrekôr foar junioaren.